Buertprevinsje blykt effektyf

28 jul 2014 - 17:29

Buertprevinsjeteams hawwe derfoar soarge dat der yn de earste helte fan dit jier minder ynbraken yn Fryslân wiene. Foaral yn Ljouwert en Harns hat de help fan boargers fertuten dien. Yn in wyk yn Harns hat dizze simmerperioade bygelyks mar ien ynbraak west, wylst dat ferline jier tsien wiene yn itselde skoftke tiid.

De provinsje Fryslân bliuwt wol achter by de lanlike sifers. Dat komt omdat yn guon gemeenten mear ynbraken west hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)