Keatsprizen Kuipers stellen

28 jul 2014 - 16:31

Alle keatsprizen fan âld-topkeatser André Kuipers fan Bitgum binne by in wenningynbraak stellen. It giet om sa'n 35 Gouden Willems, ferskate gouden lispennings en gouden keatshorloazjes. Dêrneist waard ek noch sparjild, sieraden, klean en foar njoggentûzen euro oan timmerark meinaam.

'Se hawwe werklik wier alles oer de harsens hân', fertelt Kuipers dy't timmerman fan berop is. 'Fan boppe nei ûnderen ta hawwe se alles by del west. Sels it roaster fan de wazemkape hawwe se iepen hân.'

André Kuipers soe tiisdeitejûn te gast wêze by it programma PC Kafee fan Omrop Fryslân. Mar troch de ympakt fan de ynbraak hat Kuipers dat ôfsein. Kuipers hat fjirtjin jier keatst op it heechste nivo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)