'Bondfilm yn Fryslân meitsje'

28 jul 2014 - 12:13

De steatefraksje fan Friese Koers wol dat de provinsje ynvestearret yn de nije James Bond film 'Devil may care.' Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra neamt de miljoene-ynvestearring in gouden kâns foar Fryslân om himsels foar in grut publyk te promoatsjen.

Neffens Hiemstra hawwe oare lokaasjes yn Bondfilms in soad toeristen lutsen. It soe neffens him 'weergaloos' wêze om Bond te sjen op it strân fan Skylge, de Snitser Wetterpoarte of in cruiseskip yn de Harnzer haven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)