Grinzer tsjin lantearnepeal
Op De Spiker yn Harns is sneintemoarn in frou mei har auto tsjin in lantearnepeal oanriden. De 22-jierrige frou út Grins rekke de macht oer it stjoer kwyt en koe in botsing net foarkomme. Sy rekke ferwûne oan har earm en is mei in ambulânse nei it sikehûs tabrocht.