Seldsume flinter yn Himmelum

In hiele seldsume flinter is sneintejûn yn Himmelum sjoen. It giet om de Walstropijlstaartflinter. It ynsekt siet yn de tún fan Hans Kuipers oan de Nijbuorren, dy't in part fan syn tún spesjaal ynrjochten hat foar flinters.
De Walstropijlstaartflinter is tusken 1984 en no likernôch in tritich kear sjoen yn Fryslân neffens de webside Vlindernet. De Walstropijlstaartflinter is in nachtflinter dy't mei útstjerren bedrige wurdt.