Botulisme yn wetter De Broek

De gemeente De Fryske Marren warskôget foar botulisme yn it wetter by De Broek Noard. Yn de buert fan de brêge by de Amerikaanske wynmûne is in deade ein fûn.
De ein is nei alle gedachten ferstoarn oan botulisme. It bist wurdt ûndersocht om wissichheid te krijen oer de deadsoarsaak. Omdat der noch gjin dúdlikheid oer is, riedt de gemeente minsken ôf om yn it wetter by de brêge te swimmen.
Botulisme wurdt feroarsake troch it ôfskieden fan de giftige stof botuline toksine troch de baktearje Clostridium Botulinum. Benammen by fisken en fûgels kin dat soargje foar blokkades fan de sinjaaloerdracht tusken senuw en spier. Ek foar de minsk kin botulisme gefaarlik wêze.