Poiesz nimt 5 supermerken oer

Logo Poiesz © Omrop Fryslân
Supermerkketen Poiesz út Snits hat fiif supermerken fan Jumbo Supermarkten B.V. oernaam. It giet om fjouwer C1000-winkels oan de Jister op It Hearrenfean, Musselkanaal, Norg en Stadskanaal en de Jumbo yn Veendam.
De supermerken wurde yn fazen oernaam en ferboud. Op 1 maaie 2015 wurdt de lêste winkel oernaam. De meiwurkers fan de fiif Jumbo's gean mei oer nei Poiesz. Poiesz telt nei de oername 69 winkels yn Noard-Nederlân. Der wurkje 4700 minsken.