Friezen helje finish yn Paris

De Astana-ploech © ANP
De hurdfytsers Lieuwe Westra fan De Tynje, Bauke Mollema fan Ljouwert en Tom Jelte Slagter fan Nij Beets ha alle trije de finish helle fan de Tour de France. Westra brocht mei syn ploech de giele trui nei Paris. Syn kopman Vincenzo Nibali wie fierwei de bêste rider yn it peloton.
Bauke Mollema waard tsiende yn it algemien klassemint. Hy die it krekt wat minder as ferline jier. Doe waard hy sechde. Tom Jelte Slagter einige as 56-ste op hast trije oeren fan winner Nibali.