Mylpeal foar Daniël Iseger

27 jul 2014 - 16:51

Daniël Iseger hat snein by it keatsen in mylpeal berikt. De Ljouwerter keatser hat mear as 500 punten by elkoar slein. De grins fan 500 is er by it haadklasse keatsen yn Arum oergien.

By alle prizen dy't keatsers winne krije se punten. By in earste priis is dat trije punten, in twadde priis twa en by in tredde priis is dat ien punt. Pyt Jetze Faber liedt dit punteklassemint mei 885 punten, folge troch Hotze Schuil mei 876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)