Drachtsters misledigje plysje

27 jul 2014 - 14:07

Twa Drachtsters fan 28 en 33 jier binne sneontenacht oppakt foar it misledigjen fan plysjes. De manlju blokkearden op de Kaden yn har wenplak de dyk doe't de plysje der lâns moast. Se wiene ferfelend en nei oantrunen fan de plysjes, stapten de twa yn har auto. Se rieden fol gas fuort en misledigen de plysje-aginten. Dy setten de beide Drachtsters oan de kant. Se waarden oanholden en nei it buro brocht. De autobestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje. Beide fertochten hawwe proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Drachten plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)