Alde kantoar Bonnema te keap

It âlde kantoar fan Abe Bonnema yn Hurdegaryp stiet te keap. De Fryske arsjitekt ferstoar yn 2001. It gebou mei de namme Villa Nova is no yn hannen fan trije oandielhâlders dy't it ferhiere oan Betha arsjitekten en in tal oare kreative bedriuwen. Ien fan de hierders is in âld-meiwurker fan Bonnema. Hy hopet dat de keaper omtinken hat foar de histoaryske wearde fan it gebou. Villa Nova is in Ryksmonumint en stiet foar 650.000 euro te keap.
Abe Bonnema ûntwurp de Achmeatoer en liet in legaat oan de stêd Ljouwert nei foar it nij te bouwen Fries Museum oan it Wilhelminaplein.