Dronken jonge yn Snits oppakt

27 jul 2014 - 12:28

De plysje hat sneontenacht yn Snits in jonge fan 16 jier út Utrecht oanhâlden. Op in rotonde by de Prins Hendrikkade seach de plysje in auto dy't tsjin in lantearnpeal botst wie. De jonge stie derby, hy wie dronken. De plysje hat him meinaam nei it buro dêr't er in proses-ferbaal krigen hat.

Trefwurden: 
Snits plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)