Kontrôle parkearders Flylân

De oanlissteger fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op Flylân kontrolearret de gemeente stranger op it parkearjen yn de buert fan de fearboat. It bart de lêste tiid geregeld dat de opstel-stroken brûkt wurde as parkearplak, ûnder oare by it ôfheljen fan passazjiers fan de boat. De gemeente seit dizze stroken allinnich brûkt wurde meie troch minsken dy't mei de earstfolgjende boat nei Harns wolle. Foutparkearders krije no yn it drokke heechseizoen fuortendaliks in boete, warskôget de gemeente.