Hearrenfean wint fan Gabala

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn it Drachsterbosk mei 1-0 wûn fan FC Gabala út Azerbeidzjan. Yn in muoisum duel wist de ploech fan trainer Dwight Lodeweges yn de 2e helte it ferskil te meitsjen. Krekt nei de tee skeat Joey van den Berg de rebound fan de latte yn de goal. Yn de earste helte hie Hearrenfean op foarsprong komme moatten mar Marc Uth miste oant twa kear ta in grutte kâns. Ien fantastyske oanfal liet Hearrenfean sjen, in ien twa tusken Bilal en Van den Berg waard fersulvere troch ynfaller Yanic Wildschut mar ôfkard om bûtenspul.