NFM op It Heidenskip

26 jul 2014 - 17:18

Op It Heidenskip is sneon de Nationale Fierljep Manifestaasje, ien fan de meast prestisjeuze fierljepwedstriden. It is faak in striid tusken de Fryske en Hollânske ljeppers. De NFM bestiet út twa foarronden. De goed 150 fierljeppers moatte har fia de foarronden pleatse foar de finale.

Foar de finale pleatse har de bêste 16 senioaren, 8 junioaren, 16 froulju en 8 jonges. Nei twa finalesprongen bliuwt de helte oer dy't stride om it kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)