Taeke Triemstra: klear foar PC

Taeke Triemstra is der wis fan, hy kin meidwaan oan de PC kommende woansdei. De keatser die sneon mei syn maten Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger mei oan it haadklasse keatsen yn Seisbierrum. It trio waard tredde.
Taeke Triemstra hie sân wiken net in bal slein fanwegen in skouderblessuere. Hy nimt snein rêst om der op de belangrykste dei fan it jier stean te kinnen.