Triemstra wint yn Seisbierrum

26 jul 2014 - 16:47

It partoer fan Bauke Triemstra, Marten Feenstra en Hendrik Kootstra hat sneon de finale wûn fan it haadklasse keatsen frije formaasje yn Seisbierrum. Se wienen mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Under de wedstriid moast Alle Jan Annema it fjild ferlitte fanwegen in hamstringblessure. Marten Feenstra kaam yn syn plak. Hendrik Kootstra waard ta kening útroppen.

De lytse preemje gie nei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)