Drokte slûs Starum ferwachte

It nije ûntfangsthúske by de Johan Frisoslûs yn Starum ferwachtet sneon in soad drokte fanwege it skûtsjesilen. Yn maaie is der in folslein nije slûs kaam yn Starum en dêr is doe ek in ûntfangsthúske by boud. Yn dizze ynformaasjeromte kinne besikers ynformaasje krije oer de histoarje fan de stêd, de wurking fan de slûs en de ferskate wetters yn Fryslân. De ynformaasjeromte is unyk yn Fryslân.
Yn maaie hat kening Willem-Alexander de nije slûs iepene.