Achterfolging fan brânstofdief

26 jul 2014 - 11:56

In 23-jierrige man út Erica is tongersdeitenacht oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling en stellerij. Hy besocht oan de Leidyk yn Donkerbroek brânstof te stellen út in frachtwein. Doe't de eigener, in 63-jierrige Donkerbroekster, dat yn de gaten, naaide de fertochte yn in stellen auto út. De Donkerbroekster achterfolge him en waard in pear kear fan de dyk treaun. Op in parkearplak yn Waskemar hie er de man hast te pakken. De fertochte ried in pear kear op it slachtoffer yn, mar dy ûntkaam krekt. De plysje hat de man úteinlik oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)