Grinzers dieven by Stiens pakt

26 jul 2014 - 11:37

Twa Grinzers binne freedtenacht by Stiens oanhâlden nei ûndersyk fan de plysje. De mannen fan 28 en 25 jier sieten yn in auto dy't sûnder ljochten oan op in parkearplak oan de Hearewei stie. Yn de wein lei ynbrekkersark. De mannen binne oerbrocht nei it buro foar neier ûndersyk. De auto en it ark binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)