Bestjoerders fan de dyk helle

26 jul 2014 - 11:13

Op de A32 by Haskerdiken hat de plysje freed in bestjoerder fan de dyk helle. De 28-jierrige ynwenner fan it Grinzer Eenrum ried slingerjend oer de dyk. Op it buro hat de plysje in bloedproef ôfnaam om't it tocht waard dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. Yn Stiens is tongersdeitenacht in 31-jierrige frou út Stiens oanhâlden. De plysje seach har slingerjend op de Brédyk riden. Op it buro is ek by har in bloedproef ôfnaam. Beide bestjoerders rekken it rydbewiis kwyt, krigen in rydferbod en der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje A32 Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)