Hoareka pakt oerlêst oan

26 jul 2014 - 09:02

Minsken dy't harren misdrage yn hoarekagelegenheden yn de gemeente de Fryske Marren kinne in kollektyf hoarekaferbod krije. At ien foar oerlêst soarget of fjochtet yn in kroech, dan wurdt dy persoan yn in digitaal systeem registrearre.

En dêrmei komt hy of sy foar in fêststelde perioade gjin inkele hoareka-gelegenheid yn de buert mear yn. Earder waard al in suksesfolle proef holden op De Lemmer. De hoareka fiert it hoarekaferbod út yn oparbeidzjen mei de plysje en gemeente.

Trefwurden: 
hoareka ferbod Fryske Marren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)