SWF yn top 5 measte wynmûnen

25 jul 2014 - 17:25
Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân stean sawat de measte wynmûnen fan ús lân. Allinnich yn de gemeenten Zeewolde en Hollands Kroon stean mear wynmûnen. Dat docht bliken út de top 5 fan Boeren Business fan it Sintraal Buro foar de statistyk (CBS).

Lânlik sjoen stean de wynmûnen foaral by ikkerboubedriuwen. Mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân stean fierwei de measte wynmûnen by in melkfeebedriuw. Súdwest-Fryslân hat 37 wynmûnen en dêrfan stean der 21 op in melkfeebedriuw.

By de top 10 fan gemeenten mei de measte wynmûnen stean ek Littenseradiel, Ferwerderadiel en Frjentsjerteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)