Frije Cross siket dielnimmers

25 jul 2014 - 16:45

De Frije Cross 2014 fan Blije siket driftich nei dielnimmers foar de cross dit jier. Op dit stuit bin der noch mar 86 oanmeldings, wat bot ôffalt yn fergeliking mei de 176 dielnimmers fan foarich jier. Willie Boonstra fan it bestjoer fan de Frije Cross makket har soargen oer de opkomst dy't oant no ta folle leger is ferwachte.

Dêrom docht Boonstra nochris in oprop oan autocrossers om har op te jaan. Snein is offisjeel de lêste dei fan opjefte. Dêrnei wurdt it programmaboekje makke. De Frije Cross is op 9 augustus oan de Hoarnen yn Holwert.

Trefwurden: 
Frije Cross Blije autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)