Dronken skipper út Drylts

25 jul 2014 - 16:05

In 54-jierrige boatsjefarder út Drylts is tongersdeiteûn oanholden omdat er tefolle dronken hie. De plysje krige de Dryltser yn it fizier nei't er yn it tsjuster yn de Jaansleat sûnder ferljochting fear. De skipper waard hjirop oansprutsen troch de plysje. Doe die bliken dat de man dronken hie. Op it plysjeburo is in blaastest dien. De skipper krige in farferbod fan trije oeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)