17e-ieuske huzen Ljouwert fûn

By opgravings yn it Harmoniekwartier yn it sintrum fan Ljouwert binne resten fûn fan huzen út de santjinde ieu. Goed in wike lyn binne archeologen op it plak dêr't it nije poppoadium komt, begûn mei graven. Wat der oan it ljocht komme soe, wie de grutte fraach. Dat der huzen stien ha, wie wol dúdlik, mar net hoe folle en út hokker tiid.
De archeologen binne op it stuit tusken de fundearrings oan it sykjen nei spoaren fan de bewenners. Der wurdt noch oardel wike socht en dan wurde de fûneminten fuorthelle.