Stroomsteuring op De Lemmer

25 jul 2014 - 14:55

Sa'n 750 húshâldens op De Lemmer hawwe freedtemiddei in oere lang sûnder stroom sitten. Neffens netwurkbehearder Liander ûntstie de stroomsteuring om ien oere hinne yn it sintrale stroomnetwurk, wêrtroch't ferskate transformatorhúskes automatysk útskeakele waarden. Nei in oere hie Liander de steuring ferholpen.

(advertinsje)
(advertinsje)