Feldballe giet nei Noarwegen

25 jul 2014 - 14:06
Oliver Feldballe - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

Spits Oliver Feldballe fan SC Cambuur makket per direkt de oerstap nei Sarpsborg 08 FF yn Noarwegen. De 24-jierrige Deen tekenet in kontrakt oant en mei novimber 2018.

De oanfaller kaam yn de simmer fan 2013 oer fan Randers FC nei Ljouwert en hat mei-inoar 18 offisjele wedstriden spile foar SC Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)