Eksportgefolgen ban Ruslân

25 jul 2014 - 11:17

As de EU mooglik hurdere strafmaatregels nimt tsjin Ruslân, sil dat gjin gefolgen ha foar bedriuwen dy't iten nei dat lân eksportearje. Dat ferwachtet kommersjeel direkteur Herman Verveld fan ierappelhannelsbedriuw HZPC op De Jouwer. Oarsom tinkt Verveld dat Ruslân op syn beurt wol twa kear neitinke sil om de Nederlânske ierappel yn de ban te dwaan, ek al kin dat lân yn Sina en Yndia oan oare ierappels komme.

De EU twifelet oer it nimmen fan hurdere maatregels tsjin Ruslân, mar wol in plysjemissy yn de Oekraïne net yn gefaar bringe.

De HZPC wol gewoan oan Ruslân leverjen bliuwe, krekt as dat it bedriuw ek oan Syrië ierappels ferkeapet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)