Neakenrinner yn Gytsjerk

25 jul 2014 - 10:37

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed in Ljouwerter (41) oppakt foar it stellen fan brânstof oan de Canterlandsewei yn Gytsjerk. Doe't de plysje op syk gong nei in twadde fertochte, kaam der ûnferwachts in bleate man foar it ljocht. De neakenrinner naaide út doe't er de plysjeman seach.

Nei in achterfolging koe de bleate man, in 60-jierrige man út Gytsjerk, oanhâlden wurde. By syn arrestaasje besocht er de plysjeman te slaan. De fertochte sit noch fêst. Wêrom't de man gjin klean oan hie, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)