Net wiis mei comeback Markant

25 jul 2014 - 10:07

It bestjoer fan de lokale Omrop Súdwest is min te sprekken oer it weromkommen fan Radio Markant yn Snits. Radio Markant is ien fan de trije omroppen dy't by de fúzje fan de gemeente Súdwest-Fryslân opgien is yn Omrop Súdwest. Tongersdei waard bekend dat Radio Markant dochs wer útstjoere sil. De nije stjoerder is opset troch frijwilligers dy't earder aktyf wiene foar Omrop Súdwest.

Rom in jier lyn waard de studio yn Snits sletten. Dêrtroch moasten frijwilligers nei Koudum ta foar de útstjoering. Dat wie reden om op ynternet wer te begjinnen.

Omrop Súdwest is net wiis mei it weromkommen fan Radio Markant, mar kin it ek net tsjinhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)