Stille tocht yn Drachten
Yn Drachten wurdt woansdeitejûn om acht oere in stille tocht hâlden foar de slachtoffers fan de fleantúchramp yn de Oekraïne. Inisjatyfnimmers fan de stille tocht binne Tuyen Bui en Angela Hulshof. De start en de ein fan de tocht is yn it Thalenpark fan Drachten.
Tuyen Bui ropt eltsenien op om yn wite klean te kommen en in blom mei te nimmen.