Auto tsjin trekker Houtigehage

24 jul 2014 - 17:23

In frou (27) út Kollum is tongersdei mei slimme ferwûnings oan har skonk nei it sikehûs yn Drachten brocht. Se rûn de ferwûnings op by in ûngelok op de Folgersterloane by De Houtigehage. De frou botste op in trekker - bestjoerd troch in 46-jierrige man út Drachtster Kompenije - dy't út in daam wei de dyk opdraaide. Nei de botsing belâne se tsjin in beam. De frou rekke beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. Dúdlik is wol dat it sicht hindere waard troch de boskjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)