Stellerij út hotel Iselmar

24 jul 2014 - 17:02

Yn hotel Iselmar op De Lemmer is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen yn fiif keamers op de earste ferdjipping. Om binnen te kommen brûkten de ynbrekkers neffens de plysje Snits in klimtastel foar de bern. De ruten stiene op in kierke. Der is jild en de kaaien fan in VW Caddy stellen.

Mei help fan de kaaien is de auto mei Dútsk kenteken stellen. Op de Plattedyk yn De Lemmer binne de Dútske kentekens op de stellen auto ferfongen troch Nederlânske. Op de auto stiet Enercom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)