Nije spilers SC Hearrenfean

© awfoto.nl
By SC Hearrenfean traine de kommende tiid twa bûtenlânske spilers mei. It giet om de Sineeske ferdigener Xi Yu Feng en de Ganeeske spits Isaac Oppong Osae. De spilers krije fan de fuotbalklup de kâns om sjen te litten wat se kinne.
Feng soe al earder nei It Hearrenfean komme, mar hie doe lêst fan in blessuere. Osae is in lange en fysyk sterke spits. Beide hawwe tongersdeitemoarn foar it earst meidien oan de training op sportpark Skoatterwâld.