Hobma wint 'meagere' ljepperij

Thewis Hobma © awfoto.nl
Thewis Hobma hat woansdeitejûn it fierljeppen op De Jouwer wûn. Sûnder de konkurrinsje fan toppers as Bart en Thomas Helmholt, Nard Brandsma en Oane Galama ljepte Hobma 20.29. Hans Ulco de Boer waard twadde mei 18.87. Klaske Nauta wie wer ris de bêste by de froulju, al wie de winnende ôfstân net geweldich: 14.22. Bobby Zwaagman wûn mei 17.05 by de junioaren en Jan Teade Nauta wie mei 17.68 de fierste by de jonges.