Man mishannele troch buorman

24 jul 2014 - 11:05

Yn Burgum is woansdeitejûn in 29-jierrige ynwenner oppakt foar mishanneling fan syn buorman fan 68. De twa hienen rûzje en dat rûn út de hân. Dêrby mishannele de Burgumer syn buorman. It slachtoffer hat de plysje belle en dy hat de fertochte by syn hûs oppakt.

Trefwurden: 
mishanneling Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)