Ponny dea troch mishanneling

Yn Warkum is tongersdei in ponny deagien neidat er mishannele wie. De eigener fûn it bist woansdeitejûn bûten it stek oan de Eniggaburren. De ponny hie in grut iepen plak oan de holle. Op it plak leinen ek in grutte tûke en in tou dat ûnder it bloed siet.
Tegearre mei de fee-arts is noch besocht om de ponny te rêden, mar úteinlik is de kar makke om it bist ynsliepe te litten. De plysje siket nei tsjûgen fan de mishanneling.