Warskôgings foar blau-alch
De provinsje wârskoget foar blau-alch op it Lauwersmar by De Skâns en by de Smelle Iestersânding by Smelle Ie. Der binne warskôgingsbuorden pleatst, want minsken kinne siik wurde fan blau-alch. Op de Burgumer Mar by Eastermar is de wârskoging foar blau-alch ynlutsen.