Alle Estro-lokaasjes oernommen

Bernesintrum It Sinnebern wurdt oernaam troch Kids First
Berne-opfangorganisaasje Kids First út Grins nimt de trije lokaasjes fan it fallite Estro yn Ljouwert oer. Dat hat Kids First bekend makke. De oername giet per 1 augustus yn. It giet om de lokaasjes BSO Bernelân, It Sinnebern en Bernestate.
Mei dizze oername hawwe alle Fryske festigings fan Estro in nije eigener. Earder waard al bekend dat de bernedeiferbliuwen yn Drachten en Snits nei Kinderwoud op It Hearrenfean ta gean.