Weardige nasjonale dei fan rou

24 jul 2014 - 06:53

De nasjonale dei fan rou is op in weardige wize ferrûn. Dat fynt boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Neffens him koe eltsenien de betinking fan de slachtoffers fan de fleantúchramp op eigen wize ynfolje, sadat it ferantwurd en goed fielt. En dat moat ek, fynt er. Der is nasjonaal fertriet, mar net alle minsken rouwe op deselde wize, seit Bilker.

By de ramp mei MH17 kamen 298 minsken om, wêrûnder 193 Nederlanners. Under harren wienen trije Friezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)