Feldballe nei oare klup
Oliver Feldballe ferlit Cambuur. De Deenske fleugeloanfaller giet nei Noarwegen. Om welke klup it giet kin technysk manager Marcel Keizer noch net bekend meitsje, omdat Feldballe noch in keuring ûndergean moat en de spiler en de klup der noch net hielendal út binne. Feldballe spile sûnt de simmer fan 2013 foar Cambuur, mar ferovere nea echt in basisplak.