Ballonfeesten sober iepene

De ballonfeesten op De Jouwer binne woansdei op sobere wize fan start gien. Sa waard der in minút stilte hâlden ta de neitins fan de slachtoffers fan de fleantúchramp yn de Oekraïne en wie der in taspraak fan boargemaster Aalbers. Der wie ek in bysûnder earbetoan fan de ballonfarders. Dy joegen in soarte fan salútskot mei harren branders.
De ballonfeesten duorje noch oant snein.