Goed jier foar Hûs en Hiem

23 jul 2014 - 16:50

Hûs en Hiem hat in goed jier draaid. Om't der mear advysoanfragen wiene, hat de organisaasje yn it earste healjier fan 2014 in finansjeel posityf resultaat fan 43.000 euro boekt. De ynkomsten fan de advizen binne yn ferliking mei 2013 mei 15 prosint omheech gien. Yn de earste helte fan 2013 wiene der noch goed 1700 oanfragen, yn 2014 wiene dat der hast 1900.

Neffens de organisaasje is it tanimmend tal bou-oanfragen in teken dat de Fryske bou-ekonomy oanlûkt. Yn Hûs en Hiem wurkje 24 gemeenten gear.

Trefwurden: 
ekonomy Hûs en Hiem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)