Mannen oppakt foar ynbraak

23 jul 2014 - 15:10

De plysje fan Zwolle hat woansdeitemoan twa mannen oanhâlden dy't earder ynbrutsen hiene yn in bedriuw yn Opsterlân. Se rieden hiel rap oer de A28 by Zwolle en waarden troch de plysje oan de kant set. Al gau die bliken dat de oanhingwein en de datakabels yn de wein stellen wiene. De mannen, in 21-jierrige ynwenner fan Súdwest-Fryslân en in 22-jierrige man sûnder fêst wenplak, sitte fêst.

Trefwurden: 
Opsterlân plysje ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)