Kondoleânsjeregister De Gordyk

23 jul 2014 - 12:39

Der komt in ekstra kondoleânsjeregister foar Auke Dalstra en Aafke de Vries by De Miente op De Gordyk. It echtpear is omkaam by de fleantúchramp yn Oekraïne. De gemeente Opsterlân hie al twa kondoleânsjeregisters iepene, ien op it gemeentehûs yn Beetstersweach en ien yn de biblioteek op De Gordyk. Bewenners fan de oanleunwenten fan De Miente hienen frege om in ekstra kondoleânsjeregister.

Neffens boargemaster Marian Jager-Wöltgens tekenje in soad ynwenners de registers, ek mei persoanlike boadskippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)