Jong Feintepartij ek oanpast

23 jul 2014 - 11:45

De tsiende Jong Feintepartij yn Easterein wurdt woansdei yn in oanpaste ferzje ferkeatst. Nei oanlieding fan de dei fan nasjonale rou hat de organisaasje twa saken oanpast yn de opset fan de jubileumedysje. Om 16.00 oere wurde alle keatspartijen stillein foar in minút stilte. Ek hingje de flaggen healstôk op it keatsfjild fan Easterein. De Jong Feintepartij is foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. Dit jier dogge 28 partoeren mei.

De oanpassings binne tiisdeitejûn noch trochfierd, doe't it nijs fan de dei fan nasjonale rou bekend waard.

De keatsers steane mei in dûbel gefoel yn it perk. De keatsers genietsje fan de wedstriden en de goede organisaasje, mar binne tagelyk mei de tinzen by de slachtoffers fan de fleantúchramp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)