Ferkear basis leit koart stil

23 jul 2014 - 10:29

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt it fleanferkear om 16.00 oere koart stillein fanwege de dei fan nasjonale rou. De rest fan de dei wurdt wol gewoan flein. De fleanbasis yn Ljouwert is net frege foar assistinsje by de begelieding fan de twa militêre fleantugen dy't de lichems fan de slachtoffers fan de fleantúchramp yn de Oekraïne woansdei nei Eindhoven bringe. Dizze begelieding wurdt fersoarge troch de fleanbasis yn Eindhoven.

Yn alle treinen en op de stasjons is om 16.00 in momint fan stilte. De treinen fan NS en Arriva in minút stil. Ek de bussen fan Qbuzz en Arriva steane stil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)