Ljouwerter slacht stedsgenoat

23 jul 2014 - 10:02

Yn Ljouwert is tiisdeitejûn in 47-jierrige Ljouwerter oppakt nei't er in 38-jierrige stedsgenoat sûnder oanlieding mishannele hie. Dat barde yn in kafee oan de Gaspeldoornstrjitte. It slachtoffer waard twa kear ta yn it gesicht slein. Hy moast syn ferwûnings behannelje litte troch de dokter. De plysje docht ûndersyk nei de mishanneling.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)