Ek Fryske flagge mei healstôk

23 jul 2014 - 07:32

Friezen dy't woansdei de flagge healstôk hingje op de dei fan nasjonale rou meie dêrfoar de Fryske flagge brûke. Dat seit keningshûskenner Bearn Bilker. Eartiids wienen de regels dy't hearden by in dei fan nasjonale rou tige strang en moast perfoarst mei de nasjonale trijekleur flagge wurde. Tsjinwurdich mei elkenien sels witte hoe't er syn meilibjen toane wol, leit Bilker út.

De lêste dei fan nasjonale rou wie yn 1962, doe nei oanlieding fan it ferstjerren fan prinses Wilhelmina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)